With the caveat that West Frisian is not my native language: I am in the process of reading this book and so far the descriptions and flow are excellent. Redbad, the King of the Frisians, is developed as a very well-rounded and human character. This is a truly enjoyable piece of historical fiction.
Sa'n moai boek, hjaad de Fryske history and kultuer sa moai wer. Echt hiel moai skreaun en sels al is it in wat dikker boek, ik hie it sa útlêzen, in echte oanrieder!
Dit boek mocht ik graach oer. Ik haw it mei wille lêzen en ried it ek oan! Foaral foar wa't in moai tiidsbyld ha wol, mear leare wol oer Fryske skiednis, mar dat ek wol yn in goed ferteld ferhaal. Mar ik haw earst wat minpunten:
1: Nuodlik frysk. Moai frysk... mar lestich. Ik tink foar in protte friezen selfs amper te lêzen. It is altyd de keuze: moat in skriuwer sa tagonkelik moochlik of sa geef moochlik skriuwe. Schoorstra kiest sûnder twifel it twadde. It is foar my wol sa dat ik nei in tiid der wol oan wende, en it is ek goed west foar myn frysk. Oaren sil it tsjinhâlde. En dat is spitich.
2: Alle christenen binne lef, seksueel misfoarmt, en yn wêzen ferrieders. Dat lêste falt te ferklearjen fanút it eagpunt fan Hadagrim (de sabearre skriuwer fan it boek) fansels binne folgers fan in nij geloof net te fertrouwenfanút syn eagpunt, sa wurket dat. Mar lef en seksueel misfoarmt.... no, dat is oars: Kening Pepyn is krekt sa. Dy wurd introdusearre mei in misbrûk-scene. No kin it bêst wêze dat hy sa wie, en no is yn it boek ek Redbad net sûnder sûnde, mar om dat sa te dwaan as skriuwer... it is in keuze om alle kristenen sa âf te bylden. En ik tink dat dat de nuance en it tiidsbyld gjin goed docht. Wa soe it oars yn de plasse krije om fan geloof te feroarjen?
3: It duorret nochal lang foardat Redbad wie kening wurd! Syns bernstiid en allerhande oare situaasjes wurde beskreaun, mar pas op 2/3 fan it ferhaal wurd Redbad kening, en dan giet it opiens ek hiel hurd mei Redbad. Opkomst, tsjinwurking.... ik hie graach krekt wat mear balâns dêr sjoen.
No, allegear punten... mar hiel dúdlik wol ik hjir wol wêze: it is in prachtich boek. Om it Frysk wêryn it skreaun is, om de spanning yn it boek. Om de geweldige hystoryske eftergrûn, hoe goed dat skreaun is. Sa fûn ik allegear lytse útstapkes prachtig. Even wurd de tiid pakt om Beowulf deryn ter ferwurkjen. De bân mei Denemarken. De bân mei Ingelân. Der wurd in aardiche goai dien nei hoe't it âld liuwen krekt wurke. Der wurd yn in bladside noch in ferhaal fertelt oer ien fan de meidestriidsters fan Redbad, en hoe har ferhaal wie. Mei oare wurden: de wrâld fielt belibbe. En men libbet mei mei Hadagrim en Redbad, en fielle de eangst oft Redbad seit dat hy him dope litte wol...
Al dy dingen binne wichtiger as de trije dingen hjirboppe. Lêse!