Ik bin no op side 200. Ik merk dat myn ynteresse begjint te ferwetterjen. De groffe mythology fan Boldgrim en Grimbold en de Bwarristen mei ik graach lêze, mar it giet in protte oer Tilly, en it komt yn it twadde part ek del op aardich wat polityk gejank ynienen wêr't ik net op sit te wachtsjen.
Ik fyn it fonetysk skriuwen dreech mar ek leuk. Ik wie as bern al wei fan geheimskrift, dat dit belûkt my júst by it boek.
En ik kin net mear nei in reade boarre sjen sûnder him as 'ien fan Boldgrim' te sjen, dat in Bwarrist bin ik al wurden, en dat is net neat.
Ik pak it boek der grif werris by mar ik wol no efkes oare dingen dwaan.