Jump to ratings and reviews
Rate this book

Geller

Rate this book
Geller is derfan oertsjûge dat se nergens foar doocht. Se fynt harsels dik, dom, ûnsjoch en dêrom absolút ûnynteressant. Mei smoken, seks, sûpen en drugs besiket se dat byld te feroarjen. Se rint fêst en beslút te ferhúzjen nei in wengroep. Dêr moetet Geller wûnderlike types.

Gabriëlle Terpstra (1990) is skriuwer, sjoernalist en podcastmakker. Se publisearre gedichten en koarte ferhalen yn ferskate literêre tydskriften. Mei it kollektyf Pauper Poëzie brocht se meardere wurken út, ûnder oare in dichtbondel yn risoprint. Har bondel Tjintwurdich is alles better kaam út yn 2024. Geller is har earste roman.

158 pages

Published November 7, 2025

Loading...
Loading...

About the author

Ratings & Reviews

What do you think?
Rate this book

Friends & Following

Create a free account to discover what your friends think of this book!

Community Reviews

5 stars
4 (40%)
4 stars
5 (50%)
3 stars
1 (10%)
2 stars
0 (0%)
1 star
0 (0%)
Displaying 1 - 5 of 5 reviews
Profile Image for Hielke.
5 reviews1 follower
December 1, 2025
Hiel grappich en ûntwapenjend boek. Ik gie hielendal op yn it gefoel fan ferlernens fan'e haadpersoan. Knap debút!
Profile Image for Arjen.
379 reviews13 followers
April 18, 2026
Nederlandstalige recensie onderaan.

Tsjonge. Dit is nochal in achtbaan fan in boek. It is in soarte fan roadtrip troch it libben fan Geller, dat hieltyd flink út de bocht fljocht. Op in nochtere, frij drûge toan beskriuwt se it libben fan in bern dat nei de dea fan har ferslaafde mem opgroeit yn in setting dêr't emoasjes gjin plak hawwe meie. De roadtrip liedt troch Snits, Ljouwert, Dokkum en Burgum; allegear plakken en sels strjitten dy't ik sa foar my sjoch. En Geller hat ek krekt de selde oplieding dien as ik. En dochs hat har libben in skokkend oar ferrin.

Ast it boek lêst ropt it faaks begrutsjende gefoelens foar Geller op, en op it oare momint wolst lilk op har wurde en lêst skodholjend de karren dy't se makket. Mar it ropt ek op: wat is de echo fan emosjonele skea dreech. En wat is it dapper dat se, soms stroffeljend, feroaring wol en help siket. Dan wolle je Geller oanmoedigint taroppe, want wat der ek bart: it karakter komt tichteby en is hiel der ynleefber.

Ik bin ek hiel nijsgjirrich wurden nei de keunst fan Geller. Soe it boek hiel autobiografysk wêze? De biografy op de webside fan Tresoar suggerearret fan wol. Soe de keunst der echt wêze? Wêr soest dy sjen kinne?

Yn it nijs kaam foarby dat it boek op ynternasjonale boekebeurzen presintearre wurde sil. Dat is geweldich nijs, foar de auteur, mar ek foar de Fryske literatuer. Ik hoopje dat it boek suksesfol wurdt, dat is it seker wurdich. En as der dan in Fryske werdruk komt, moat in goede redakteur noch efkes in kear strang troch it boek rinne, want der sitte wat skjintmeflaterkes yn. Mar dat nimt net wei dat it in yndrukwekkend boek is. By flagen benearjend en in ferhaal datst net samar fan dy ôf skoddest. Oanrieder om te lêzen!

Tsjonge. Dit is nogal een achtbaan van een boek. Het is een soort roadtrip door het leven van Geller, dat steeds flink uit de bocht vliegt. Op een nuchtere, vrij droge toon beschijft ze het leven van een kind dat na de dood van haar verslaafde moeder opgroeit in een setting waar emoties geen plek mogen hebben. De roadtrip leidt door Sneek, Leeuwarden, Dokkum en Burgum; allemaal plekken en zelfs straten die ik zo voor me zie. En Geller heeft zelfs precies de zelfde opleiding gedaan als ik. En toch heeft haar leven een schokkend ander verloop.

Als je het boek leest heb je soms de neiging medelijden te hebben met Geller, op het andere moment wil je boos op haar worden en lees je hoofdschuddend de keuzes die ze maakt. Maar het roept ook op: wat is de echo van emotionele schade hardnekkig. En wat is het dapper dat ze, soms struikelend, verschil wil maken en hulp zoekt. Dan wil je Geller aanmoedigent toeroepen, want wat er ook gebeurt: het karakter komt dichtbij en is heel er inleefbaar.

Ik ben ook erg nieuwsgierig geworden naar de kunst van Geller. Zou het boek heel erg autobiografisch zijn? De biografie op de webside van Tresoar suggereert van wel. Zou de kunst er echt zijn? Waar zou je die kunnen zien?

In het nieuws kwam voorbij dat het boek op internationale boekenbeurzen gepresenteerd gaat worden. Dat is geweldig nieuws, voor de auteur, maar ook voor de Friese literatuur. Ik hoop dat het boek succesvol wordt, dat is het zeker waard. En als er dan een Friese herdruk komt, moet een goede redacteur nog even een keer streng door het boek lopen, want er zitten wat schoonheidsfoutjes in. Maar dat neemt niet weg dat het een indrukwekkend boek is. Bij vlagen beklemmend en een verhaal dat je niet zomaar van je af schudt. Aanrader om te lezen!
Profile Image for Martsje De Jong.
6 reviews1 follower
January 15, 2026
In boek sa't ik dat net earder yn it Frysk lêzen ha. Sterk fan taal en komposysje. Dramatysk sûnder melo. Gjin jammerklacht, selsbegrutsjen of oereksposysje, mar sober, rau, oprjocht, pynlik en betiden tragikomysk. In boek dat ik elk oanriede kin, al kinne guon teare sieltsjes der miskien net goed oer.
Profile Image for Arjen Dijkstra.
Author 7 books8 followers
November 16, 2025
Yndringende roman oer in jonge frou dy't werom sjucht op har jeugd, op alles wat se meimakke hat. Om't it foar in grut part autobiografysk is komme de ferhalen dy ûnder de hûd. Hiel leuk is it dêrtroch net. Mar dit is in poerbêst debút.
Displaying 1 - 5 of 5 reviews