e duvel mei my helje,’ seit Julius Quist, learaar Dúts oan in Gymnasium yn Ljouwert, tsjin syn rektor wannear’t dy him foarstelt om wat betider mei pensjoen te gean.
It is in útspraak mei gefolgen. Sa gau as er beslút om it adfys dochs mar op te folgjen en ûnderweis nei skoalle ta net útsjocht by it oerstekken, wurdt er oanriden. Fysyk rekket er yn in koma, mar syn geast slagget it om oerein te kommen en de oerstek ôf te meitsjen. Oare kant strjitte wennet ommers in frou dy’t er út it rút fan syn lokaal wei withoefaak seach.
Wat folget is in Faustiaanse reis dy’t him fan Ljouwert nei Harns ta fiert. Oeral ûnderweis, oft it no yn Weidum, Jorwert, Baard, Winsum, Tsjom of Hitsum is, wurdt er konfronteard mei syn ferline, al is it Quist net altyd dúdlik wat de wûnderlike figueren dy’t er tsjinkomt presys fan him wolle...
Koos Tiemersma (1952) werd bekend door boeken als De ljedder (De ladder) en Under wetter. De laatste jaren publiceerde hij onder het pseudoniem Froon Akker vooral digitaal. In 2015 kreeg hij de Gysbert Japicxprijs voor zijn roman Einum.
-----
Mei De ljedder makke Koos Tiemersma in súksesfol debút yn de Fryske literatuer, dat yn 2003 bekroand waard mei de earste Rink van der Veldepriis. Dêrnei folgen mear boeken, lykas De ynfaller, Quist en Einum, dêr’t er yn 2015 de Gysbert Japicxpriis foar takend krige. Syn wurk falt op troch de orizjinele styl en opset, ferhalen dy’t gauris mei humor ferteld wurde sûnder de earnst fan it bestean út it each te ferliezen. Koade read is syn tolfde boek.
Fjouwer stjerren, eins fjouwer-en-in-heal. Tiemersma boartet mei literêre-, of ferhaalklisjees yn Quist. Dy is dosint op jierren oan in gymnasium net fier fan de Skrâns yn Ljouwert. Mei in rolstoel giet er kuierjendeweis op 'en paad fan de skoalle (Beyers Naudé, al wurdt dat net neamd) nei Harns, fia doarpen as Winsum, Baard, Weidum. Hy sil nei in begraffenis op Flylân. Wat faaks yn it echt in dei rinnen is, rint foar Quist út op in krekt wat surrealistyske odyssee dy't dagen yn beslach nimt. Hy wurdt konfrontearre mei himsels en de keuzen dy't er yn syn libben makke. Wat der oan de hân is wurdt net krampachtich geheim hâlden, it ferhaal is gjin puzel dy't troch de lêzer oplost wurde moat. De reis is belangriker as de bestimming. Ik ha genoaten fan dit boek, mei omdat ik sels gauris yn deselde omjouwing omfytst ha, of mei de bus reizge, om earne te workshoppen. Baard, in plak dat bûten de wenstige tiid en romte liket te lizzen, it is op ien as oare wize tige werkenber. Wat ek meiwurke oan de oertsjûgingskrêft fan dit boek is de pandemy en it waar dizze maaie 2021, ûnwerklikheden dy't as grize bisten oer it libben en de stêd lizze, en oanslute by de ferfrjemding dy't ek op de siden fan dit boek omspoeket. In boek dat fielt as in film.